Waarom een artikel over de Centrale As op de site van Hou Friesland Mooi? In dit verweer doet de voorzitter van de FNP-statenfractie een aantal uitspraken die we ook graag terugzien in de discussie over Windstreek 2012 (zie de vetgedrukte stukken tekst). De FNP zegt sterk te hechten aan het landschap en aan de leefbaarheid bij de Centrale As. Ook bij de windmolens is dit een belangrijk argument tegen Windstreek 2012. Even verderop staat dat de FNP de natuur en de gemeenschap een plus willen geven bij overwegingen. Beste FNP, dit is jullie kans, laat de natuur en het draagvlak in het gebied Harlingen-Bolsward-Makkum de doorslag geven!
Leeuwarder Courant, 26 januari 2013, pag. 30.
FNP noch altyd tsjin 4-baans Sintrale As
tegast
Doeke Fokkema giet yn
syn Te Gast (18 jannewaris)
oer de Sintrale
As op ’e rin mei de
wierheid. Syn eigen pleit oer
prinsipes yn de polityk komt
sadwaande net sterk oer.
De FNP hat fan begjin ôf oan
tsjin de fjouwerbaans Sintrale As
west dy’t no oanlein wurdt. Yn
2005-2006, lang foar de saneamde
Griene As, hat de FNP al in
eigen alternatyf yn de steaten
brocht. Dat alternatyf wie better
foar it lânskip en like goed foar
de leefberens fan de doarpen en
de ferkearsfeiligens. Us miening
is net feroare. Lykwols, de FNP is
in demokratyske partij. In nommen
mearderheidsbeslút kinne
wy net weromdraaie. Dat beslút
wie al lang nommen foar de
lêste steateferkiezings.
Fokkema giet dus mei de
feiten op ’e rin as hy suggerearret
dat de Sintrale As in bepalend
punt wie by de ferkiezings
yn 2011. It is ek net wier dat it
stânpunt oer de Sintrale As ús
safolle stimmen oplevere dat de
oare partijen by de kolleezjefoarming
net om ús hinne koene. De
FNP seit oer de grutte projekten
yn syn ferkiezingsprogram: ‘Mei
de grutte projekten dy’t no yn
útfiering komme, is de Fryske
wegestruktuer fierhinne op
streek.’ De Sintrale As wie doe al
in gegeven.
De FNP hat perfoarst noait
sein dat wy de Sintrale As weromdraaie
soene. De FNP hat
wol wat sein oer oare projekten
dy’t hjirnei noch komme: by de
oanlis fan nije wegen moat
skerper sjoen wurde nei nut en
needsaak. It giet om de maatskiplike
kosten en baten. De
ôfwaging mei romte en lânskip
is ek fan grut belang foar de
FNP’. Dêr wurkje wy no yn it
kolleezje oan troch natuer én
mienskip in plus te jaan yn it
gebietsproses om de As hinne.
Om in steatebeslút fan 2006
werom te draaien wie de stipe
fan oare partijen nedich, benammen
fan de PvdA en it CDA.
Om’t ek de opposysjepartijen
VVD en ChristenUnie fêsthâlde
oan de fjouwerbaans Sintrale As,
is yn de steaten op dit stuit noch
hieltyd in grutte mearderheid
foar de útfiering fan it âlde beslút.
De FNP hat dus hielendal
net de kaai yn hannen, dat is ek
in ferkearde foarstelling fan de
feiten. Oaren hiene earst in stap
sette moatten.
De suggestje dat de FNP as
kolleezjepartij fierder wol eefkes
de nommen besluten fan de
mearderheid werom draaie
kinne en wolle soe, is der hielendal
fier by troch. Dat giet yn tsjin
alle demokratyske kearnwearden
fan ús partij. De ledegearkomste
hat it program sa fêststeld en
opdracht jûn om te besykjen
mei te draaien yn it kolleezje.
Saken weromdraaie koe net en
wie ek net it doel. It doel wie ek
net om út de ûnderhannelings
te stappen fanwege ien punt dat
al lang yn de steaten útiten wie,
en dêr’t de FNP net de trochslach
joech en jout. De suggestje fan
bedroch smite wy dus fier fan
ús. Ten ûnrjochte projektearret
Fokkema syn eigen teloarstelling
yn de polityk no op de FNP.
ANNIGJE TOERING,
FOARSITTER FNP-STEATEFRAKSJE