De Kommisje foar de miljeu-effektrapportaazje is min te sprekken oer de wynmûneplannen fan de Provinsje Fryslân, sa kin ôflaat wurde út har nijsbrief dy’t hjoed ferskynde. De Kommisje skriuwt nammentlik dat oan it ‘Plan-MER Struktuerfyzje Wynstreek 2012’, it rapport dêr’t dy plannen yn útwurke binne, essinsjele ynformaasje mankearret. Yn it hoedene jargon fan de Kommisje is soks in frij swiere oantiging. Neffens de Kommisje is ûnder oaren net dúdlikernôch:
- Hokfoar kânsen ferlern gean troch de kar foar de fjouwer streken dêr’t de provinsje him ta beheine wol, wat it pleatsen fan nije wynmûnen oanbelanget (sjoch wat dat oangiet ek dit artikel);
- Oft mei dizze plannen de provinsjale ambysje fan minimaal 400 MW wynenerzjy wol realisearre wurde kin;
- Wat de ôfwagingsmooglikheden binne tusken maksimalisaasje fan de wynenerzjyrisping oan de iene kant en minimalisaasje fan effekten op lânskip, natuer en libbensmiljeu oan de oare kant.
Om oer soksoarte saken mear dúdlikens te krijen, advisearret de Kommisje in oanfolling op it MER te meitsjen. Yn sljochtweihinne Frysk betsjut soks dat de provinsje syn húswurk fierhinne oerdwaan moat.
De Kommisje foar de m.e.r. is in by wet ynstelde ûnôfhinklike adviseur foar miljeu-effektrapportaazjes. Hja advisearret oerheden oer de ynhâld en de kwaliteit fan harren rapporten op dat mêd. In miljeu-effektrapport (MER) bringt de miljeugefolgen fan it oerheidsbeslút foarôf yn byld. Oerheden kinne frijwillich advys oanfreegje by de Kommisje mar yn in protte situaasjes is dat ferplichte.
Bron: www.itnijs.nl