Manifest: ‘Wynmûnen Te Plak’
Sjoen
de hjoeddeiske brede maatskiplike diskusje oer wynenerzjy yn Súdwest-Fryslân,
fynt de FNP fraksje Súdwest-Fryslân it wichtich om har stânpunt kenber te meitsjen:
–Wy sjogge in grut park op it lân tusken
Boalsert, Harns en Makkum absolút net sitten.
–Der is mar ien serieus alternatyf en dat is in
kluster op de grins mei Noard Hollân sa fier mooglik fan it fêste lân, oan de binnekant
fan de Ofslútdyk
De feiten:
–It Ryk hat besluten
dat der 6000 Megawatt wynenerzjy foar it jier 2020 pleatst wurde moat.
–De Provinsje
Fryslânnimt 400 fan dy 6000 Megawatt foar har rekken. Niks dwaan is gjin opsje, dan
nimt it Ryk it heft yn hannen en binne wy it stjoer kwyt.
–De
gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat yn maaie 2012 besluten (stimferdieling:
29 foar, 4 tsjin) dat ‘Wynenerzjy binnen de duorsume enerzjymiks past’. Mei as
betinksten: gjin nije solitêre mûnen mar kluster, ympekt ôfstimme mei omjouwing
en mooglikheid ta partisipearren. De FNP hat dat beslút én de opmerkingen stipe.
Der
bliuwt wat FNP Súdwest – Fryslân oanbelanget mar ien opsje oer en dat is in kluster
fan maksimaal 300 MW sa fier mooglik fan it fêste lân oan de binnekant fan de
ôfslútdyk. Dat betsjut mear enerzjy mei minder mûnen. Dêr moat de Provinsje no ûndersyk
nei dwaan en ôfskie nimme fan de net winske ûnsalich grutte plannen tusken
Harns Makkum en Boalsert.
Enerzjy neutraal
Der
is hyltiid mear fraach nei enerzjy en de ierde waarmet hyltiid mear op. De FNP
hat in hege ambysje en fynt dat de gemeente Súdwest-Fryslân binnen 10 jier enerzjyneutraal
wêze moat en 30% minder CO2 útstjit produsearret. Dat kin troch gebrûk te
meitsjen fan enerzjy út alternative boarnen sa as eb & floed, ierdwaarmte,
sinne-energzy en bio-massa en blue energy út wikseling fan swiet en sâlt
wetter. Sa lang dizze alternativen de fossile enerzjyboarnen net foldwaande ferfange,
kinne we net om wyn hinne. Wachtsje oant oalje en gas op is, is gjin opsje. Tagelyk
leit der in grutte útdaging foar de oerheid, ûnderwiis en it bedriuwslibben om mei
it ûntwikkeljen fan alternative enerzjy de Fryske ekonomy in ympuls te jaan.
De Takomst
De
FNP fynt dat as ûndersteande foarstellen oernommen wurde, wynmûnen ‘Te Plak’
steane.
–Maksimaal kluster oan de ôfslútdyk op de
grins fan Fryslân en Noard Hollân, sa fier mooglik fan it fêste lân, oan de
binnekant fan de Ofslútdyk
–Undersyk moat oantoane dat dit foar minsk,
bist en lânskip de beste oplossing is
–De allinnich – steande ‘solitêre’ mûnen op it
lân wurde sanearre
–Eltsenien dy’t dat wol kin meidwaan yn it
kluster: sa as de hjoeddeiske mûne – eigners, partikulieren, organisaasjes sa
as Doarpsbelangen, bedriuwen ensfh.
–Der moat folle steviger ynsetten wurde op
sinne en oare alternative foarmen fan opwekking fan enerzjy